Lid wurde

Lid wurde

Bist ynteresearre yn it lid wurden fan de koöperaasje? Hjirûnder kinst mear lêze oer ús wurkwize en hoe't wy no it (aspirant-)lidmaatskip ynfolje. Hast fragen of wolst frijbliuwend yn 'e kunde komme? Dan kinst altyd kontakt opnimme fia info@frij.frl.

De tiid is mear as ryp om mei-inoar in nije mienskip te bouwen. Wy wurkje mei ús allen oan autonomy, foar yndividu en mienskip. Om dit foarinoar te krijen, wurkje wy earst oan in groeiende mienskip mei hieltyd mear projekten en bedriuwichheid. 

It giet allegear hurd en elkenien docht syn bêst om alles flot ferrinne te litten. Dat dogge we graach en de groep minsken dy 't dêrby helpt groeit mei de dei. Wy sille de kommende tiid eksperimintearje mei foarmen fan meisizzenskip en útwikselingssystemen dy 't allegear ûnkonvinsjoneel binne, mar dêr 't wy it bêste yn 'e minske mei nei boppen besykje te heljen. 

Kearnwearden binne in wichtich útgongspunt 

Binnen de koöperaasje wurkje wy mei-inoar op basis fan ús kearnwearden (ynteger, autonoom, oplossingsrjochte, ferbinend en holistysk) en de universele wetten (hermetyske prinsipes). Wy nimme ús persoanlike ferantwurdlikheid en drage op basis dêrfan by oan it gehiel. Wy binne in learende en groeiende organisaasje. Dat freget fan elk fan ús in flinke poarsje ôfstimming en gearwurking. 

Preambule 

Yn de preambule fan de statuten fan de Koöperaasje Frij Fryslân fynst ús fyzje, útgongspunten, kearnwearden en mear. Kinst it hjir lêze

Aspirant-lid wurde 

It aspirant-lidmaatskip stiet foar elkenien iepen. Dêrby kin keazen wurde foar it ynvestearjen fan tiid en / of in moanlikse bydrage. 

As je tiid ynvestearje wolle 

Sadree ' tst lid wurden bist, begjint it mei ferbinen. Kom geregeld del, bliuw goed op de hichte fan it ynterne nijs en folgje de workshop Op Wei Yn Frij Fryslân

Dêrnei kinst oan de slach wat dy oansprekt. Wy geane út fan op syn minst trije oeren aktyf binnen de koöperaasje. Dit kinst ek lêze as minimaal 150 oeren yn it jier. It is in yntinsje dy ' tst útsprekst, wy kontrolearje net en it is hiel normaal datst tiid nedich hast om dy te plak te finen. 

Kinst oan de slach yn in wurkgroep. Dit is net ferplichte, kinst ek út en troch meihelpe by de organisaasje fan in gearkomste; tink ek oan bartsjinst, skjinmeitsje, itensiede. 

Ast sels in idee hast foar in groep, in projekt of nij te begjinnen ûndernimming, dan kinst dat ynbringe en sjen oft der mear minsken binne dy 't oanslute wolle. De betingst is dat dyn idee past binnen de fyzje fan Frij Fryslân yn it algemien. Yn dat gefal sille wy it inisjatyf stypje op ferskate wizen. Hast fragen? Nim dan kontakt op fia info@frij.frl.

Ast leaver € 15, - yn 'e moanne bydraachst 

Ast foar dizze foarm fan lidmaatskip kiest, krijst it ynterne nijs geregeld en wurdst útnûge foar grutte gearkomsten en ALG’s (algemiene ledegearkomsten ). 

Kinst ek kieze foar ynvestearjen fan tiid én in finansjele bydrage. 

Organisaasjestruktuer en fasilitêre organisaasje 

Mochtst fragen hawwe of tsjin saken oanrinne, dan kinst kontakt opnimme fia info@frij.frl. Ferskate minsken bemannen dizze mailbox en sille dyn fraach beäntwurdzje of ‘trochferbine ’ mei de goede persoan. Om de flugge groei stypje te kinnen, wurdt it fasilitêre team hieltyd grutter en binne we trochrinnend op syk nei minsken dy 't niget hawwe yn in útdaging. Mochtst dy dêrta oanlutsen fiele, dan kinst kontakt opnimme. 

Fjouwer grutte gearkomsten yn it jier 

Om geregeld as hiele organisaasje byinoar te kommen en ôf te stimmen hantearje wy in roaster fan fjouwer grutte gearkomsten yn it jier, dy 't wy fan de hjerst ôf safolle mooglik om de seizoensfeesten hinne plakfine litte sille. Dat betsjut dat wy om midsimmer hinne, de hjerstequinox, midwinter en de maitiidsequinox in grutte gearkomste organisearje sille. 

links

Vragen? Mail ons!